Eachdokters yn noed oer eagen fan bern

14 des 2017 - 13:53

Eachdokters meitsje har soargen oer de eagen fan bern. Bern boartsje hieltyd minder bûten en sitte yn stee dêrfan achter de tillefoan, tablet of lêze in boek. Mei as gefolch dat har eachbol in oare foarm krijt en se op termyn net mear goed sjen kinne. Dêrom is no de 20-20-2-regel betocht. Neffens eachdokter Siep van der Veen fan sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean stiet dy regel foar 20 minuten lêzen fan in boek of tablet, dan even 20 sekonden opsjen foar it fierder lêzen en dêrneist deis 2 oeren bûten boartsje.

(advertinsje)
(advertinsje)