Hulshoff: Dominant fuotbalje tsjin 'boefkes' fan Dordrecht

14 des 2017 - 13:03

SC Cambuur sil freed tsjin FC Dordrecht mei deselde alve spilers oantrede dy't oars moandei ek tsjin Jong AZ spylje soene. Dat betsjut dat Ricardo Kip en Sai van Wermeskerken yn de basis begjinne. Dat giet ten koste fan Bryan Smeets en Kevin van Kippersluis. FC Dordrecht hat yn de Jupiler League twa punten mear as Cambuur, mar ek ien wedstriid mear spile.

Trainer Sipke Hulshoff sjocht Dordrecht as in 'alles of neat-ploech': "It binne boefkes, dy't hiel goed fuotbalje kinne as se harren dei hawwe. Se skoare maklik út standertsitewaasjes." FC Dordrecht is tagelyk ek de ploech mei de measte tsjingoals yn de kompetysje. Trainer is âld-Hearrenfeanspiler Gérard de Nooijer.

Njonken Jurjan Mannes en Karim Rossi is fierder eltsenien fit by Cambuur. De fokus lei dizze wike op de training op it dominanter fuotbaljen. "Oan de bal moatte we better wurde. We moatte de tsjinstanner faker fan it kastje nei de muorre spylje", fertelt Hulshoff. Nei FC Dordrecht spilet Cambuur foar de winterstop noch tsjin GVVV foar de beker en Helmond Sport. Dan is it winterstop. De opdracht foar de kommende wedstriden is dúdlik, neffens Xander Houtkoop. "We willen weg uit de onderste regionen. Dan moeten we gewoon de komende duels winnen."
 

Trefwurden: 
Sipke Hulshoff Cambuur
(advertinsje)