Track and trace op tillefoan fan Remon Bruinsma ûndersocht

De plysje is dwaande mei it ûndersykjen fan de track and trace op de tillefoan fan Remon Bruinsma. De 19-jierrige studint út De Westereen ferdwûn yn de nacht fan tongersdei 30 novimber op freed 1 desimber nei in jûntsje stappen. De famylje fûn dizze wike de track and trace op syn tillefoan en hat dat oan de plysje trochjûn. Dy binne op dit stuit de spoaren fan Google Maps oan it besjen.
Ek wurdt boatebewenners yn Ljouwert en omkriten frege in ekstra check te dwaan ûnder harren skip. De plysje is mei justysje yn oerlis om te sjen oft bylden frijjûn wurde kinne fan it groepke jongeren dat mei Remon oan it praten is. It blonde famke dêr't fan te sjen is dat se mei Remon praat is noch altyd net fûn.
Tongersdei wurdt ek by de Grutte Wielen noch socht troch in spesjaal team nei eventuele spoaren fan Remon. Dit wurdt dien om út te sluten dat hy miskien nei De Westereen ta rûn is.