UPDATE: Man ferstoarn nei stekpartij yn Snits

De man dy't tongersdeitemoarn om it libben kaam by in stekpartij yn Snits, is in 39-jierrige man út de stêd. Dat hat de plysje bekend makke. Neffens buertbewenners is de man yn syn hûs oan de Johan Willem Frisostrjitte delstutsen en dêrnei nei bûten kaam en dêr op strjitte ferstoarn. Dat wie flakby in basisskoalle. Oft de skoalbern dêr ek wat fan sjoen hawwe, is net bekend.
De plysje is noch hieltyd op syk nei de dieder of dieders. Mooglik giet it om twa jonges dy't útnaaid binne op in scooter. Neffens buertbewenners wie it slachtoffer aktyf yn it drugssirkwy.