Alliade teloarsteld oer boete fan Zorgautoriteit om oername

14 des 2017 - 11:59
Soarchgroep Alliade - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Bestjoersfoarsitter Erik Kuik fan soarchgroep Alliade op It Hearrenfean is teloarsteld oer in boete fan 70.000 euro dy't se krigen ha fan de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa). Dy lei de boete op om't Zorgkompas BV, ûnderdiel fan Alliade, de oername fan in oare soarchoanbieder net meld hie. Alliade seit dat mei de oername just de soarch foar de 25 kliïnten en it wurk foar de 7 meiwurkers garandearre wurde koe. Alliade fynt de boete foar de relatyf lytse oername "onrechtvaardig en onevenredig hoog." De NZa seit dat se mei de boete in foarbyld stelle wolle dat soarchoanbieders oernames op tiid melde moatte.

Kuik yn in reaksje: "Eind 2015 hebben we hard gewerkt om de zorg voor de cliënten te behouden en ook de werkgelegenheid van de medewerkers. Dat een dergelijke kleine transactie gemeld moest worden bij de NZa is daarbij over het hoofd gezien. Toen we dat begin 2016 ontdekten, hebben we direct contact gezocht met de NZa. Dat is vanzelfsprekend. Als we fouten maken, erkennen we die en dan zijn we daar transparant over. We zijn bij de NZa op bezoek geweest om de situatie toe te lichten en hebben daarop alsnog de meldingsprocedure in werking gezet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)