Ljouwerter oppakt foar oerfal yn Nieuwleusen

14 des 2017 - 11:41
Foto: ANP

De plysje yn Oerisel hat woansdeitemiddei in 39-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar de oerfal op in winkel fan in juwelier yn Nieuwleusen. De Ljouwerter soe de oerfal tegearre mei in 46-jierrige man út Houten dien hawwe. De juwelier waard oan it begjin fan de middei oerfallen troch in wapene man. Dy bedrige de winkelman en de klanten mei in pistoal. De dieder makke jild en sieraden bút en naaide út yn in klearsteande auto.

Tsjûgen koene in dúdlik sinjalemint trochjaan, wêrnei't de plysje de twa fertochten op twa adressen yn Ommen oanhâlde koe. Yn ien fan de wenningen binne de bút en in fjoerwapen fûn. De twa fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)