De lêste wiken: de ein fan Menameradiel

Nei in proses fan jierren mei ideeën, ynspraak, tsjinstân en kompromissen is it oer in pear wiken echt safier. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 sille fiif Fryske gemeenten definityf ferdwine. Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Littenseradiel en It Bilt geane op yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. We hearre en sjogge dizze wike yn de fiif gemeenten dy't der aanst net mear binne.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie tongersdei yn it âlde gemeentehûs fan Menameradiel. Yn Menaam prate er mei Piet Drost en Sjef van der Lubbe, dy't woansdei beiden in lintsje krigen. Drost is sûnt 2002 riedslid foar Gemeentebelangen en Van der Lubbe sit sûnt 2006 yn de ried foar de Partij van de Arbeid. Beide manlju wienen de lêste jierren ek fraksjefoarsitter fan harren partij. "We waren het zeker niet altijd eens met elkaar", fertelt Van der Lubbe. Hy begjint oer it pinedossier Schatzenburg. "Schatzenburg is geprivatiseerd en daar is alleen maar ellende van gekomen. Daar stonden we misschien anders in, terwijl we wel allemaal een oplossing wilden." Drost: "De ien wol it weromkeapje, de oar net." Mar oer it algemien koenen Van der Lubbe en Drost inoar goed fine yn de ried: "Mei-inoar hawwe we mear berikt as dat we tsjinoer inoar stienen", seit Drost.
Dat de gemeente Menameradiel no ophâldt te bestean, fynt Van der Lubbe "op zich jammer, maar je moet wel reëel zijn. Een kleine gemeente is niet meer haalbaar, want gemeentes krijgen steeds meer op hun bordje."
Mar wat moat der no mei it gemeentehûs gebeure? It âlde gemeentehûs stiet te keap. Dat moat sa'n 5 ton kostje. "It soe wol in wenhûs wurde kinne, mar je moatte it wol yn de styl litte. It gebou hat wol wat oansjen", fynt Drost. Oan de oare oant fan de wei stiet it nije gemeentehûs en dat stiet der noch mar 10 jier. Van der Lubbe: "We hopen dat daar een huurder voor te vinden is. Je kunt de vleugels afzonderen, dan kunnen er bijvoorbeeld twee of drie bedrijven in."
Ien ding is wis, seit Drost: "It doarp moat leefber bliuwe. De skoallen moatte beset bliuwe en de ferieningen moatte leden hâlde. Wy wolle hjir graach wer nije banen ha, sadat hjir ek nije minsken te wenjen komme."