Ynnovaasjepriis foar anty-fûgelgrypfining

14 des 2017 - 10:51

Plomfeehâlder Hans Hazenberg út Abbegea hat de ynnovaasjepriis wûn foar syn útfining tsjin fûgelgryp. Syn doek fan wynbrekgaas moat foarkomme dat firussen de stâlen ynkomme kinne. De útfining is troch in faksjuery fan Boerderij en For Farmers selektearre en krige fan it publyk 22 prosint fan de goed 2.600 stimmen.

It bedriuw fan Hazenberg waard yn desimber troffen troch de sykte, mei as gefolch dat syn 63.000 hinnen ôfmakke wurde moasten en syn bedriuw op slot gong. Dit barde allegearre yn in tiid dat der in soad mist wie. It gefoel wie dan ek dat de fochtige lucht in rol spile hat yn it binnenbringen fan it firus. It wynbrekgaas soarget derfoar dat it focht, en ek fearren en oar stof net yn de stâl komme kin.

(advertinsje)
(advertinsje)