Plysje siket yn de Grutte Wielen nei fermiste Remon Bruinsma

14 des 2017 - 09:47

De plysje sil tongersdei yn natuergebiet de Grutte Wielen fierder sykje nei de fermiste Remon Bruinsma. Yn de ôfrûne dagen waard benammen socht yn en by de grêften yn Ljouwert, mar no sil de sykaksje him dus ferpleatse nei bûten de stêd. It is net dúdlik oft dit bart op basis fan nije oanwizingen.

Bruinsma wurdt sûnt de nacht fan 30 novimber op 1 desimber fermist, nei't er te stappen west hie yn Ljouwert. Oant no ta is der noch gjin spoar fan de Westerener fûn. Hy is foar it lêst sjoen op de Grienewei yn Ljouwert, dat wie om in oere as healwei trijen yn de nacht. Minsken dy't mear witte, of dy't him dêrnei noch sjoen hawwe wurdt frege harren te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)