Plysje hâldt Feanster oan om mishanneling op Ruterskertier

14 des 2017 - 09:18
De Ljouwerter plysje moast wer yngripe op it Ruterskertier - Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 24-jierrige man út It Hearrenfean oanhâlden as fertochte fan mishanneling. De man soe op it Ruterskertier in 25-jierrige Ljouwerter klappen jûn ha. De Ljouwerter die oanjefte. De Feanster sit fêst foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)