Kollum: "4D"

14 des 2017 - 08:23

"De ein fan it jier is tradisjoneel de tiid foar films. Grutte filmprodusinten soargje derfoar dat se yn desimber in pear goeie premjêres hawwe, sadat se safolle mooglik profitearje fan de tastream fan it publyk nei de bioskopen. Sa is der dit jier fan Disney in nije Star Wars film, de komyske aventoerefilm 'Jumanji: Welcome to the Jungle', de famyljefilm 'Paddington 2' en fansels de nedige animaasjefilms en draken fan produksjes, om't it, ek by films, mei kryst blykber net altyd om kwaliteit giet.

Mar net allinnich bioskopen wolle ús fermeitsje mei films. Fansels binne se yn dizze tiid ek op de telefyzje. We hawwe tsjinwurdich soms sokke prachtige skermen thús, dat it in grutte konkurrint wurden is foar de bioskoop. Hielendal as we der in streamingtsjinst oanhingjen hawwe, lykas Netflix. It komfort fan de eigen bank, it eigen drankje en hapke, net nei bûten te hoegen en de film eefkes stop sette te kinnen ast eefkes nei it húske wolst of sa, wol it wolris winne fan it grutte bioskoopskerm.

It grutte skerm sit echter ek net stil. Twa fan de nije films, Star Wars en Jumanji, kinst yn Amsterdam en Rotterdam sjen yn 4D. We hiene al 3D, dêr'tst sa'n lullich briltsje by opsette moatst, en no is der dus ek 4D. Films sjen mei it 4DX-systeem. Ik tocht earst oan fjouwer-tsjiloandriuwing, mar dat is it net.

It giet derom dat de stuollen yn die bioskoopseal bewege kinne. Hinne en wer, nei foaren en nei achteren en op en del, en se kinne noch trilje ek. By in fjochtpartij op it skerm kinst samar in stomp yn 'e rêch krije, skriuwt de Volkskrantferslachjouwer dy't it besocht hat. En yn de earmleuning sit in knopke: 'water on' of 'water off'.

​Want dizze stuollen kinne noch mear. Se kinne dy ek wetterspetters yn it gesicht spuitsje. Sa kinne snie en stoarmen "echter" makke wurde, seit de 4D-man yn 'e krante. En as der op it skerm sjitten wurdt, dan kinst in pûste mei lucht yn 'e snút krije. Dan fielt it krekt at de kûgels dy om de earen fleane, sa seit er. Ik freegje my al ôf hoe't dizze bioskoopmeiwurker wit hoe it fielt ast kûgels om 'e earen krigest, mar hawar. Dêr giet it net om.

En ta beslút kin de stoel ek noch geuren tafoegje oan de lucht dy'tsto yn it gesicht krigest. Op himsels liket my dat noch wol aardich mei sênes yn moaie tunen, mei farske kofje of oan it strân, mar yn hoefolle films komt net opspattende modder foar. Of sjogge we smoarge strjitten, of hiele sênes mei liken. Dat binne saken dy't ik net perfoarst hoech te rûken.

Ik seach dat al hielendal foar my. Giest mei in leuke date nei de film, en kiest by fersin foar in 4D film. Troch dy ûngelokkige bril kinst dyn leafste al hast net mear sjen, mar dan wurdst ek noch alle kanten op skodde. Ik bedoel: it drankje leit oeral, it hier sit ek nuver yn 'e war en inoars hân fêstpakke bart mear om wat fêstichheid te krijen as út romantyske motiven. Plus: do stjonkst nei ik-wit-net-wat allegearre en komst der snipferkâlden út troch al dat wetter dat dy yn 'e snút spatten is. Ik tink datst dy tút wol ferjitte kinst.

Foar my wurket dit averjochts: ik soe hûndert kear leaver rêstich op myn bank in film op Netflix sjen as hjir nei ta te moatten. Ik besykje graach de bioskoop, mar ik wol it gewoan 2D hawwe, want ik hoech gjin oare belibbing as wat ik sjoch. Ik fyn wat ôfstân krekt wol noflik.

De 4D-belibbing wurket it bêste wannear't de kamera konsekwint it stânpunt fan ien personaazje folget, seit de 4D-man yn 'e krante. By 3D sieten der ek al nuvere kamerakeuzes yn de films: yn 'The Great Gatsby' begjint it te snijen, wêrby't de kamera ekspres even ôfstân hâldt om de rûndwarreljende flokjes lekker yn 3D sjen te litten. It helle my totaal út it ferhaal.

At ik rûnslingere wurde wol, gean ik wol nei de kermis. Doch my mar in goeie film, mei in sterk ferhaal, moaie akteurs en skitterjende plaatsjes. En dat graach op in lekker grut en goed plat skerm."

(Advertinsje)
(Advertinsje)