Sniebuien: koade giel yn Fryslân

Previntyf struie (argyffoto) © ANP
It KNMI hat koade giel ôfjûn foar Fryslân yn ferbân mei glêde diken. Ek Rykswettersteat hat in warskôging útdien nei oanlieding fan it winterske waar. Op guon plakken leit in lyts laachje snie, dat soargje kin foar glêdens. Rykswettersteat hat de struiweinen de dyk opstjoerd om de glêdens te bestriden, mar dat kin noch eefkes duorje om't it ferkear nedich is om it sâlt goed yn te riden. De oprop is dan ek om der goed om te tinken en de rydstyl oan te passen as jo de dyk op gean tongersdeitemoarn.
Waarman Pyt Paulusma seit dat it yndie yn buien glêd wêze kin, mar dat it byld op tongersdeitemoarn betiid is dat it mei grutte snie-glêdens tafalt yn ús provinsje.
UPDATE: Nei de moarnsspits hat de KNMI koade giel wer ynlutsen.