Streppel is grutsk op striidberens fan de ploech

14 des 2017 - 06:45

Sportklup Hearrenfean kin neffens trainer Jurgen Streppel mei in goed gefoel de weromreis út Rotterdam wei oangean. De trainer wie te sprekken oer de wize wêrop't syn ploech de wedstriid tsjin Feyenoord útspile. "Met name door de strijdlust die we hebben laten zien." Yn De Kuip waard it 1-1 nei twa goals let yn de earste helte. "Ik vind dat wij vandaag een elftal hebben gezien dat gevochten heeft voor een goed resultaat, en in de eerste helft goed gevoetbald heeft", sa fertelt de trainer. "In de tweede helft hebben we onder druk gestaan en hebben we nog wel mogelijkheden gehad, maar Feyenoord ook. De Rotterdammers waren in de tweede helft de bovenliggende partij, maar wij hebben er alles aan gedaan om de wedstrijd over de streep te trekken."

Soer momint

Hearrenfean wie ek ûngelokkich: in goal fan Veerman waard ôfkard om't skiedsrjochter Blom in oertreding fan de spits op Tapia sjoen hie. "Ik wist eigenlijk niet waar hij voor floot", sei de goalscorer sels, dy't dúdlik fernuvere wie oer it beslút: "Als je de beelden nu terugziet, dan is het wel zonde." Letter yn de wedstriid hie Veerman de kâns om 1 op 1 mei de keeper fan Feyenoord te kommen, mar de skiedsrjochter joech gjin foardiel en fluite ôf. "Dat was ook weer een discutabel moment even, dat is zuur. Maar we spelen hier 1-1 en dat is fantastisch uit in De Kuip."

Neffens de trainer wie de einútslach fertsjinne, mar hie der miskien ek noch wol mear yn sitten: "Gezien de kansen wel, want ook in de tweede helft hebben we kansen gehad om de wedstrijd in de counter te beslissen."

Hearrenfean hat no noch twa wedstriden foar de winterstop. Sneon moatte de Feansters thús tsjin NAC, en de wike dêrnei, op sneon 23 desimber stiet in útwedstriid tsjin AZ op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)