Provinsjale Steaten net iens oer kultuer nei 2018

Hoe moat it nei 2018 fierder mei de kultuer yn Fryslân? Oer dy fraach kin Provinsjale Steaten it noch net iens wurde. De opposysjepartijen wolle earst om tafel mei de kulturele sektor, sels foardat in kar makke wurdt oer hoe't de subsydzjes nei 2018 ferdield wurde. De koälysje wol ek om tafel mei de sektor, mar wol no al wol de kritearia fêstlizze. Dat die woansdeitejûn bliken by de kommisjegearkomste fan Provinsjale Steaten.
Ferline wike kaam in grut tal kulturele organisaasjes mei in manifest, wêryn't frege waard om mear ynspraak. It liket derop dat se dat yndie krije, mar de fraach is noch wannear. Nije wike woansdei moatte de steaten dêroer in beslút nimme.