Lykspul foar Hearrenfean yn De Kuip

Sportklup Hearrenfean hat yn Rotterdam in fertsjinne punt pakt tsjin Feyenoord. Yn De Kuip waard it 1-1 nei twa goals flak foar it skoft.
Nei't de ploech fan Jurgen Streppel oan it begjin fan de earste helte in pear kear goed weikaam by kânsen fan Feyenoord, wienen Henk Veerman, Doke Schmidt en Michel Vlap ticht by in goal foar de Friezen. Hearrenfean wie ek ûngelokkich: in goal fan Veerman waard ôfkard om't skiedsrjochter Blom in oertreding fan de spits op Tapia sjoen hie. It bleau lang 0-0, mar dochs like Hearrenfean mei in efterstân it skoft yn te gean. Steven Berghuis makke yn de 41e minút de 1-0. Twa minuten letter stie it lykwols alwer gelyk: in pass fan Daniel Høegh kwaam mei wat gelok foar de fuotten fan Veerman, dy't foar de tredde wedstriid op rige skoarde, 1-1.
Nei it skoft wie Feyenoord wat sterker. Warner Hahn, de Rotterdamske keeper fan Hearrenfean, wie belangryk mei rêdingen op ynsetten fan Karim el Ahmadi en âld-Hearrenfeanspiler Jerry St. Juste. Hearrenfean kaam net mear ta in soad kânsen, mar it lykspul wie op basis fan de earste helte net ûnfertsjinne.
Takom sneon spilet Hearrenfean thús tsjin NAC Breda.
Feyenoord - sc Hearrenfean: 1-1 (1-1). 41. Steven Berghuis 1-0, 43. Henk Veerman 1-1
Opstelling Sportklup Hearrenfean: Hahn; Dumfries, Høegh, Pierie, Schmidt (56. Woudenberg); Schaars, Thorsby, Van Amersfoort; Kobayashi (81. Rojas), Veerman (68. Ghoochannejhad), Vlap