Earste Fryske Kultuermerk foar de soarch

Keunst en kultuer kinne fan grutte wearde wêze foar de soarch en it wolwêzen fan minsken en harren famyljeleden. Mar it moat foaral foar elkenien yn Fryslân beskikber wêze. Dat fynt Keunstwurk. Dêrom hat de stichting woansdei yn gearwurking mei LF2018 de earste Fryske Kultuermerk foar de Soarch organisearre yn de teäterseal fan Keunstwurk.
It doel is om soarchorganisaasjes te ferbinen oan it jier fan Kulturele Haadstêd. De kultuermerk wol de soarchorganisaasjes ynspirearje en de mooglikheid jaan om direkt in kar te meitsjen foar in kulturele aktiviteit dy't binnen de soarch ynset wurde kin. Sa'n tweintich kultuermakkers hawwe flitspresintaasjes jûn oer harren dûns-, teäter-, byldzjende keunst-, muzyk-, sjong- en Fryske taalprojekten.