Undersyk sikehûs Sionsberg

31 okt 2011 - 15:58

Advysburo KPMG ûndersiket de takomst fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. It buro besjocht hokker ôfdielings iepen bliuwe kinne en hokker net. Oanlieding fan it ûndersyk is it ferskerpe tafersjoch dat de Ynspeksje yn maaie fan dit jier ynsteld hat.

Der binne te min spesjalisten by de Kardiology-ôfdieling, wêrtroch't it nivo fan de soarch net garandearre wurde kin. De ôfdieling Kardiology soe tiisdei wer iepen gean, mar dat giet foarearst net troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)