Aris wint wer mei lyts ferskil fan Den Helder

13 des 2017 - 21:49
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris hawwe woansdeitejûn yn in spannende wedstryd krekt fan Den Helder wûn. Oan 'e ein fan it earste, twadde én tredde kwart stie Aris achter, mar úteinlik wûn de ploech fan Tony van den Bosch dochs mei 84-82. Jeroen van der List waard topskutter. Hy soarge foar 24 fan de Ljouwerter punten.

Yn oktober wie de wedstriid tusken beide ploegen yn Den Helder ek al spannend. En ek doe wûn Aris mei in lyts ferskil: 74-78. Den Helder stiet lêst yn de Dutch Basketball League, mar wûn ôfrûne wykein foar it earst.

Snein spilet Aris in útwedstryd tsjin Landstede yn Zwolle.

Trefwurden: 
Aris basketbal Den Helder
(Advertinsje)
(Advertinsje)