Achtkarspelen: hokker bedriuwen wolle nei bedriuwsterrein?

It Lauwerskwartier yn Surhústerfean © Google Street View
De gemeente Achtkarspelen is dwaande mei it bestimmingsplan foar de útwreiding fan bedriuwsterrein Lauwerskwartier yn Surhústerfean. It giet om in útwreiding fan goed fjouwer bunder oan de súdwestkant fan it Lauwerskwartier. De gemeente wol graach witte hokker bedriuwen yn Súrhusterfean op syk binne nei in plak. Nei de ynventarisaasje kin de gemeente dan úteinsette mei de útjefte fan de kavels. Dat sil nei alle gedachten pas oan de ein fan takom jier wêze, sa tinkt it kolleezje.