Europeesk thúsferlies foar follybalfroulju Snits

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe de Europeeske thúswedstryd tsjin Casalmaggiore ferlern. Yn de Snitser sporthal waard it 0-3 yn sets foar de ploech út Italië. Dêrmei is it foar Snits hast ûnmooglik om by de lêste 16 fan de CEV Cup te kommen.
Nei't Casalmaggiore de earste set mei 18-25 wûn, die Snits it yn de spannende twadde set stikken better. De froulju fan Petra Groenland krige sels in setpoint tsjin de Italiaanske topploech, mar úteinlik waard it dochs 24-26. Yn de lêste set wie it ferskil grutter: 14-25 foar Casalmaggiore.
De return is op 10 jannewaris yn it Lombardyske stedsje.