Finzenisstraf foar Nijewierster (73) om wytplantaazje

13 des 2017 - 19:59
Stockfoto - Foto: Kappers Media

In 73-jierrige ynwenner fan Nijewier hat ien moanne selstraf krigen. Yn de skuorre achter de wente fan de fertochte, oan de Bredewei, is yn novimber 2015 in wytplantaazje mei 267 planten oantroffen.

Doe't der yn de skuorre brân útbrutsen wie, seach de brânwacht de plantaazje. De plysje fûn letter mear as 200 planten yn de skuorre en himp, hasj en hûnterten joints yn de wente fan de fertochte. De man hie dêr in ferklearring foar: hy draaide joints foar de coffeeshop. De skuorre soe ferhierd wêze oan twa Ljouwerters. De rjochter leaude de ferklearring fan de man net en hat de man in finzenisstraf fan twa moanne jûn, wêrfan de helte ûnder betingst.

De Nijewierster stie mei syn frou (74) en dochter (49) terjochte. De rjochter hat de frou frijsprutsen, mar hy leaude de ferklearringen fan de man en dochter net. Neist de finzenisstraf foar de man joech de rjochter in wurkstraf fan 75 oeren oan de dochter.

Trefwurden: 
Nijewier wytplantaazje himp
(Advertinsje)
(Advertinsje)