LTO daget NVWA om sleauwichheid by fipronylkrisis

13 des 2017 - 19:16

Lân- en túnbou-organisaasje LTO daget de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) foar it rjocht fanwegen sleauwichheid by de fipronylkrisis. Hjirtroch hawwe plomfeehâlders ûnnedich in soad skea lijd, seit de LTO. Dy ferwyt dat de NVWA foarich jier net genôch aksje ûndernaam hat, doe't der al meldingen wienen fan it gebrûk fan it ferbeane middel fipronyl.

Neffens de advokaat fan de lânbou-organisaasje wie de enoarme skea foar de plomfeehâlders útbleaun as de NVWA syn taken as tafersjochhâlder goed útfierd hie. De totale skea foar de boeren wurdt rûsd op goed fyftich miljoen euro.

Trefwurden: 
fipronyl LTO NVWA
(Advertinsje)
(Advertinsje)