Lintsje foar twa riedsleden Menameradiel

13 des 2017 - 17:29

Riedsleden Piet Drost en Sjef van der Lubbe fan de gemeente Menameradiel binne woansdeitemiddei keninklik ûnderskieden. Ut hannen fan boargemaster Piersma waarden de twa op it gemeentehûs beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Piet Drost is sûnt 2002 riedslid foar Gemeentebelangen yn Menameradiel. De lêste jierren wie er ek fraksjefoarsitter fan dy partij. Sjef van der Lubbe sit sûnt 2006 yn de gemeenteried foar de Partij van de Arbeid en wie de ôfrûne jierren ek fraksjefoarsitter.

(advertinsje)
(advertinsje)