Grutste part fan Snits en Wytmarsum kin libje mei azc

13 des 2017 - 20:30

It grutste part fan de ynwenners fan Snits en Wytmarsum kin goed libje mei in asylsikerssintrum yn har omjouwing. Dat is ien fan de konklúzjes út ûndersyk fan de Universiteit van Amsterdam, dat woansdeitejûn yn Snits presintearre waard. Studinten en meiwurkers fan de UvA ûnderfregen goed 1600 ynwenners fan Snits en 700 ynwenners fan Wytmarsum, oer hoe't sy tinke oer in asylsikerssintrum yn har omjouwing. Njonken dat de measte ynwenners der goed mei libje kinne, ûnderfynt ek in oergrutte mearderheid gjin oerlêst fan asylsikers.

Ut de antwurden fan de ûnderfrege ynwenners docht bliken dat der foarkar is foar lytsere opfanglokaasjes foar asylsikers. Ek jout de mearderheid fan de ynwenners oan dat har miening, sûnt it momint dat asylsikers yn har gemeente opfongen waarden, net feroare is. In tredde part fan de respondinten fynt wol dat de komst fan asylsikers in bedriging foarmet foar de Nederlânske kultuer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)