Noed oer strepen op 60- en 80-km diken yn Achtkarspelen

13 des 2017 - 17:18

By 60- en 80-kilometerdiken yn Achtkarspelen moatte folle mear wite strepen oanbrocht wurde. Dat fynt de fraksje fan GemeenteBelangen Achtkarspelen. De partij hat dêr skriftlike fragen oer steld oan it kolleezje fan B&W. Neffens de partij komme der in soad klachten fan autobestjoerders, dy't it dreech fine om de dyk goed te sjen, fral as sy ferbline wurde troch de ljochten fan auto's fan de oare kant.

Benammen yn de hjerst en winter is dit in probleem, fynt GemeenteBelangen. De fraksje skriuwt yn in taljochting dat de gemeentlike diken benammen yn dizze perioade in protte brûkt wurde troch bestjoerders dy't nei har wurk gean. De partij wol no witte oft it kolleezje wat oan de strepen dwaan wol en hoelang't der nedich is foar in oplossing.

(advertinsje)
(advertinsje)