Besikers LF2018 moatte fergees pisje kinne: 'Pee for free'

13 des 2017 - 16:58
Foto: ANP

Restaurants, kafees en winkels yn Ljouwert moatte takom jier it tekoart oan iepenbiere húskes yn Ljouwert opfange en fergees har wc's beskikber stelle. Dat wolle de gemeente en de stichting Leeuwarden-Fryslân 2018. De stêd en de provinsje ferwachtsje mei Kulturele Haadstêd ûngefear fjouwer miljoen besikers. Iepenbiere toiletten binne der lykwols amper.

Hoarekagelegenheden en winkels dy't meidwaan wolle, kinne in spesjale blauwe sticker op har doar plakke, mei de tekst 'Iepen húske' en de Ingelske oantsjutting 'Pee for free'. Alle winkels en bedriuwen yn de binnenstêd fan Ljouwert krije de sticker meikoarten tastjoerd. De earste sticker wurdt tongersdeitemiddei offisjeel opplakt, yn bywêzen fan wethâlder Sjoerd Feitsma. Dy sticker sit op de doar by in kleanwinkel oan de Nijstêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)