FIDEO: It giet goed mei de Fryske ekonomy

13 des 2017 - 18:37

Fryske ûndernimmers meie nei de krisis no ek in feestje fiere: de ekonomy fan Fryslân is ferline jier mei goed 2 prosint groeid. It giet yn guon regio's sels sa goed, dat se meidogge yn de top fan Nederlân.

Benammen yn Súdeast-Fryslân is in flinke groei yn it tal banen te sjen. De Stellingwerven en de gemeenten Hearrenfean en Smellingerlân krigen der yn totaal goed 6 prosint mear wurkplakken by. Neffens de gemeenten sit dit benammen yn sektoaren lykas transport en de bou. En wylst it Noarden fan Fryslân kwa ekonomyske groei achter bliuwt by it gemiddelde, dogge se it wol goed as it giet om it werombringen fan de wurkleazens. Yn it ôfrûne jier binne yn it Noarden fan Fryslân 1,2 prosint minder wurkleazen. De regio heart hjirmei by de bêst prestearjende fan Nederlân.

Probo út Dokkum,ûndernimming fan it jier, is ien fan de rapst groeiende bedriuwen yn Nederlân. It is yn 2,5 jier tiid fan 100 meiwurkers nei 250 meiwurkers gien. Ekonomyredakteur Gerrit de Boer en direkteur Rene de Heij fan Probo prate oer de groeiende ekonomy yn Fryslân Hjoed.

Trefwurden: 
ekonomy Probo
(Advertinsje)
(Advertinsje)