Rekonstruksje moat dúdlikheid jaan oer sjitpartij Jonker

13 des 2017 - 15:51

Der komt in rekonstruksje fan de sjitpartij by iisstadion Thialf wêrby't Clafis-direkteur Bert Jonker begjin dit jier ferwûne rekke. De 57-jierrige fertochte fan it besykjen ta moard op Jonker hat hielendal net sketten. Dat sei syn advokaat Tim Vis woansdei op de pro-formasitting yn Ljouwert. Neffens Vis is der gjin kûgel, huls of ynslach oantroffen op it plak dêr't ynsidint op 7 jannewaris dit jier wie. Ek yn de auto fan Jonker binne gjin spoaren fûn, seit de advokaat.

De fertochte seit dat net hý, mar Bert Jonker it wapen by him hie en dat dat ôfgien is nei in wrakseling. Jonker sels seit dat it oars leit en dat de fertochte op him sketten hat. Om dúdlikheid te krijen hat de rjochtbank ynstimd mei de rekonstruksje.

De rjochtbank beslút nije wike oft de fertochte frijlitten wurdt yn ôfwachting fan de rjochtsaak. Koartlyn is neffens syn advokaat bekend wurden dat de man slim siik is en behannele wurde moat. De rjochtbank wol mear ynformaasje oer de sykte foar't se hjir in beslút oer nimme.

(advertinsje)