Definitive ôfsluting fan de Hendrik Algrawei

De Hendrik Algrawei yn Ljouwert © Google Street View
De Hendrik Algrawei by Ljouwert wurdt freed dochs definityf ôfsletten, in wike letter as eins de bedoeling wie. De Hendrik Algrawei wie foar de komst fan de Heak om Ljouwert de trochgeande dyk fan Goutum nei Deinum. De gemeente woe de dyk eins al folle earder ôfslute, mar moast wachtsje omdat de oansluting fan de Heak op Marshallweg net op 'e tiid ôf wie.
Ferline wike wie dy oansluting wol klear, mar die bliken dat de gemeente noait offisjeel besletten hie dat de Hendrik Algrawei sletten wurde soe foar trochgeand autoferkear. Dat is ôfrûne tiisdei noch regele; dêrom wurdt de dyk freed ôfsletten. Lânbouferkear bliuwt wol wolkom op de dyk.