Frijwilligers sykje by Van Harinxmakanaal nei fermiste Remon

13 des 2017 - 15:30

Groepen frijwilligers ha woansdeitemoarn op 'e nij socht nei de noch altyd fermiste Remon Bruinsma. De jongen út De Westereen wurdt al 12 dagen fermist. De syktocht fan de frijwilligers rjochtet him benammen op de omjouwing fan it Van Harinxmakanaal.

Frijwilligers waarden opfongen by in plak oan de Grinzerstrjitwei krekt bûten de stêd. Dêrby is dúdlik sein dat minsken net samar op priveeterrein komme meie. Ek by de Sneketrekvaart en by it Prinses Margrietkanaal soenen se sykje.

Trefwurden: 
Remon Bruinsma fermist
(Advertinsje)
(Advertinsje)