Klok Koepeltsjerke Berltsum nei restauraasje werom

13 des 2017 - 14:27

Nei twa moanne hat de Koepeltsjerke yn Berltsum har klok werom. De klok moast foar restauraasje nei Dútslân. Hy wie fersliten op it plak dêr't de bongel de klok altyd rekket en dêrtroch ek wat falsk. Nei de restauraasje hat de klok syn oarspronklike lûd weromkrigen. De minsken út it doarp hawwe de klok bot mist en binne bliid dat de klok werom is. De klok is ûnderdiel fan it projekt Under de Toer foar Kulturele Haadstêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)