Nije bylden toane fermiste Remon Bruinsma yn Doelestrjitte

13 des 2017 - 13:59

Der binne nije bylden fûn fan Remon Bruinsma. De jonge Westerener is hast 14 dagen fermist nei in jûntsje stappen yn Ljouwert. De famylje is noch hieltyd sykjende, mei frijwilligers en plysje, nei it lêste spoar fan Remon. De kamerabylden dêr't Remon op te sjen is, litte sjen dat hy yn de Doelestrjitte rint. Dat is in strjitte by de Grienewei. Dêr is te sjen dat er linksôf slacht rjochting it Aldehoustertsjerkhôf. Dêrnei is der neat mear te sjen.

"Nachmerje"

"It wurdt hieltyd swierder", seit Steffen Bruinsma, de heit fan Remon. "Je witte it net mear, der komme gjin berjochten binnen." De famylje siket sels noch hieltyd en krijt in soad help. "We kinne net stil sitten bliuwe." Se wolle kamerabylden opfreegje fan de pinautomaat op it Aldehoustertsjerkhôf, want mooglik is er dêr op te sjen. "We hâlde hoop. Miskien is er meinommen of yn in auto stapt, de stêd út. We ferwachtsje net dat er yn it wetter leit." De famylje krijt blommen en fielt in soad meilibjen. "Elk sjocht om him hinne." It libben fan de famylje stiet stil. "As steane we op pauze, alles om dy hinne giet troch, mar der is gjin rêst. We ha noch hieltyd hoop dat er thúskomt, dat er noch libbet. We gean troch, salang't er noch net fûn is, bliuwt de hoop. It is in nachtmerje."

Oprop foar bylden

De famylje en plysje freegje minsken dy't yn de nacht fan 30 novimber op 1 desimber op de Grienewei en omkriten wat sjoen hawwe om dat te melden en freegje op 'e nij mei klam om kamerabylden op en om de Grienewei / Aldehoustertsjerkhôf. Ek de oare kant fan de Grienewei wolle se graach besjen om út te sluten dat er in oare kant oprûn is.

Tiidline

De bylden fan de fermiste Remon Bruinsma by de Doelestrjitte binne net nij, seit de plysje. De plysje wie al langer yn it besit fan de bylden dêr't Remon op te sjen is. "We willen met klem benadrukken dat de beelden geen nieuwe informatie geven in de tijdlijn die we maken," seit wurdfierder Ernest Zinsmeyer fan de plysje. De bylden binne net like dúdlik, fynt de plysje, en binne fan mar in pear sekonden letter as de bylden dy't earder fan Remon besjoen binne út de Lytse Tsjerkestrjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)