Startsein Trijntje Wiel

31 okt 2011 - 16:08
Foto: Omrop Fryslân

De realisaasje fan it bûten Trijntje Wiel by De Broek is wer in stap tichteby. Nei tal fan protesten is moandei einlik it offisjele startsein fan de wurksumheden jûn. De earste bewenner fan Trijntje Wiel, in kealtsje, waard ferwolkomme troch Kommissaris John Jorritsma.

Inisjatyfnimmer Klaas Kloosterman lit op 16 bunder grûn trije lúkse filla's bouwe. De oanpassings oan de natuer en it wetter is yn 2012 klear. De filla's in jier letter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)