UPDATE: Utslaande brân yn Sint-Nyk: ruten ticht om asbest

© BTB Fotografie
De brânwacht is woansdei krekt nei it middeisoere oproppen foar in útslaande brân yn Sint-Nyk. De brân soe wêze yn in wenning of skuorre oan de Heide 14 yn it doarp. De helptsjinsten binne ûnderweis om it fjoer te bestriden. It is net dúdlik oft der immen yn it pân oanwêzich is.
De brân is opskaald nei in middelbrân. Dit is dien om't de brân útslaand is. Der is ek in grut wetterstransport oproppen om it fjoer te bestriden.
UPDATE:
Neffens de brânwacht lizze der asbestplaten op it dak fan de skuorre. Dat asbest kin him ferspriede troch de reek. De brânwacht advisearret omwenners dêrom om ruten en doarren te sluten en de meganyske fentilaasje út te setten.
Tsjin trije oere koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan. Se binne noch wol in skoft oan it neiblussen.