Skilderijen fan heit en soan Hofstra yn Easterwâlde te sjen

13 des 2017 - 13:01

Yn in winkel oan de Stasjonstrjitte yn Easterwâlde is fan woansdei ôf in bysûndere tentoanstelling. It giet om skilderijen fan heit en soan Douwe en Jan Hofstra, twa bekende mannen yn it doarp. Douwe wie jierrenlang doarpsskilder en stoar yn 1977. Jan krige ek in oplieding ta skilder, mar fanwege in handicap oan de foet waard er sigareboer yn de skilderswinkel fan syn heit. Hy ferstoar yn 2004. Achter de winkel stiet in skuorke dêr't jierrenlang net nei omsjoen is. Mar in pear jier lyn fûn de famylje by it oprêden op it souderke fan it hok, njonken in soad skildersark, ek de skilderijen fan beide mannen, oprôle yn doazen en kisten. De famylje fûn dat se dêr wat mei dwaan moasten.

Yn gearwurking mei de stichting Kunstwerf, dy't him dwaande hâldt mei de promoasje fan keunst en kultuer yn Eaststellingwerf is in tentoanstelling organisearre mei it wurk fan de beide Hofstra's. It wurk is te sjen fan 13 oant en mei 16 desimber. De tagong is fergees.

(Advertinsje)
(Advertinsje)