Provinsje ferfangt 160 bushokjes troch duorsume abrys

13 des 2017 - 12:48

Mei it yn gebrûk nimmen fan in nij bushokje by Nijeholtpea is de provinsje woansdei úteinset mei de ferfanging fan 160 abrys. De besteande hokjes lâns de provinsjale diken binne yn in soad gefallen slim fertutearze en foldogge net mear oan de easken fan dizze tiid.

De provinsje hat 1,4 miljoen euro útlutsen om nije bushokjes te pleatsen. Dit binne duorsume abrys, mei sinnepanielen en it gebrûk fan hurdhout. By Nijeholtpea stiet dus no it earste nije bushokje, yn de kommende moannen wurde de oare nije abrys pleatst. April 2018 moatte alle hokjes ferfongen wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)