Opnij tolve jier easke foar moard sûnder lyk
Tsjin de man dy't fertocht wurdt fan de moard op Michael de Vrieze út Boerum is yn heger berop opnij tolve jier sel easke. It gerjochtshôf yn Ljouwert hat de behanneling fan de moard woansdei dochs trochset, nettsjinsteande dat de 39-jierrige fertochte en syn advokaat net oanwêzich wiene. Yn de saak die bliken dat twa saakkundigen, fan it NFI en fan de plysje, fan miening ferskille oer de bloedspoaren dy't yn 2010 yn de wenning fan De Vrieze fûn binne. De fertochte wie doedestiids húsgenoat fan De Vrieze en waard yn 2013 feroardiele ta tolve jier selstraf. It hôf bepaalde letter dat de man syn heger berop yn frijheid ôfwachtsje mocht. Hy waard dêrnei troch de Vreemdelingendienst it lân útset nei Turkije.
De man hie oanjûn dat hy by de sitting wêze woe, mar hie dan in fisum nedich hân. Dat fisum is nea oanfrege. Syn advokaat hie him earder al weromlutsen. Dochs fynt it hôf it maatskiplike belang fan de saak te grut om de sitting net trochgean te litten.