Bern fan 2 jier al nei skoalle yn Smellingerlân

13 des 2017 - 11:40

Bern yn Smellingerlân kinne tenei al as sy twa jier binne nei de basisskoalle. No is dat noch fjouwer jier. De berne-opfang, dêr't no in protte twa- en trijejierrigen hinne geane, komt te ferfallen. De stichting Maatschappelijke Onderneming Smallingerland en de iepenbiere en de kristlike basisskoallen dogge op dit stuit ûndersyk nei dizze ûntjouwing, dy't ek wol 'foarskoalle' neamd wurdt. In ferplichting kin de gemeente net ynstelle, mar it doel is dat alle bern fan 2 jier en âlder daliks nei skoalle gean. De oergong fan de berne-opfang nei groep 1 fan basisskoalle soe dan makliker wurde. Boppedat kinne bern mei bygelyks in taalachterstân earder holpen wurde.

Boartsjen bliuwt it belangrykst

Neffens Teunis Wagenaar fan Furore, de koepel fan iepenbiere basisskoallen, is it net de bedoeling dat bern fan twa of trije al echt 'les' krije: boartsjen bliuwt it belangrykst, mei klam op ûntjouwing. Wol komt der "ien edukative en pedagogyske fyzje mei in yntegraal program foar ûnderwiis en ûntjouwing, útfierd troch ien team dat bestiet út pedagogysk meiwurkers en learkrêften mei ien liedingjaande foar skoalle en foarskoalle".

Yn bygelyks de Wiken en de Drait yn Drachten steane al brede skoallen dêr't de berneopfang en de basisskoalle al yn ien gebou sitte. By oare skoallen moat ûndersocht wurde hoe't de twa- en trijejierrigen dêr ûnderbrocht wurde kinne. De inisjatyfnimmers foar de foarskoalle jouwe harsels in jier as twa om de plannen út te fieren. Dizze plannen passe binnen in lanlike trend, ek yn in soad oare gemeenten wurdt hjir oan wurke. Yn Tytsjerksteradiel, dêr't Furore ek aktyf is, wurdt neffens Wagenaar yn jannewaris mear bekendmakke oer de plannen foar in foarskoalle.

(advertinsje)
(advertinsje)