Vitens siket nije wetterwinlokaasje by De Gordyk

13 des 2017 - 11:33
  • Gerben Korten fan Vitens

Drinkwetterbedriuw Vitens begjint yn febrewaris mei in boaiemûndersyk foar in mooglik nije wetterwinlokaasje tusken De Gordyk en It Hearrenfean. In nij wetterwingebiet foar 6,5 miljoen kubike meter it jier is neffens Vitens nedich om Fryslân ek yn de takomst fan wetter te foarsjen.

Neffens it bedriuw groeit de fraach nei wetter yn ús provinsje hurder as yn oare Vitens-gebieten. Dat soe te krijen ha mei dat it ekonomysk better giet, wêrtroch't bedriuwen mear wetter nedich ha. It giet dan ûnder oare om de nije suvelbedriuwen by It Hearrenfean. De plande útwreiding fan de wetterwinlokaasjes yn Noardburgum en Nij Beets is net genôch om dit op te fangen.

It proefgebiet dêr't no socht wurde sil, leit tusken Lúkswâld en Langsweagen. Foar omwenners is ein jannewaris in ynformaasjebyienkomst.

(advertinsje)