Snitser follybalsters begjinne oan dreech Europeesk aventoer

13 des 2017 - 11:23

De follybalfroulju fan VC Snits spylje woansdeitejûn yn har earste Europeeske duel fan dit seizoen yn de CEV Cup. De ploech fan trainer Petra Groenland nimt it yn de Sneker Sporthal op tsjin de Italiaanske topploech Casalmaggiore, dy't yn 2015 lânskampioen waard.

Klein Duimpje tsjin de Reuzen

It kontrast tusken VC Snits en de Italianen is grut. De Snitsers binne amateurs, gemiddelde leeftyd krekt boppe de 20 jier en de langste spylster Lize Braaksma is 1.90 meter. De Italianen binne full-prof, se wûnen yn 2016 de Champions League, de gemiddelde leeftyd is hast 30 jier en se ha fiif spylsters fan 1.90 en langer, mei as útsjitter Brayelin Martinez út de Dominikaanske Republyk fan leafst 2.01 meter. It is dus in bytsje "Klein Duimpje tsjin de Reuzen". Dochs sille de Snitsers der alles oan dwaan om it de Italianen sa dreech mooglik te meitsjen. "Mar foaral ek genietsje tsjin dizze Italiaanske toppers" is de opdracht fan trainer/coach Petra Groenland oan har jonge team.

De wedstriid begjint om 19.30 oere yn de Sneker Sporthal. De wedstriid is streekrjocht op Omrop Fryslân radio te folgjen.

(advertinsje)
(advertinsje)