Bestjoerder ûngelok Blessum ferstoarn

© Omrop Fryslân, Susan Zwerver
By in ûngelok woansdeitemoarn op de N359 by Blessum is de bestjoerder fan in auto ferstoarn. De auto en in frachtwein botsten frontaal opinoar. De auto kaam dêrby foar in part ûnder de frachtwein telâne. Meardere helptsjinsten binne oanwêzich. Ek de traumahelikopter waard oproppen, mar dy hoegde fierder net yn aksje te kommen. De provinsjale dyk is fanwege it ûngelok ôfsletten. De plysje ûndersiket de krekte tadracht fan it ûngelok.
In streekbus dy't fanwege it ûngelok omride moast, kaam ûnder it kearen fêst te sitten yn de berm op 'e dyk by Boksum. In berger hat de bus loslutsen.
UPDATE:
De plysje makke woansdeitemiddei bekendmakke dat in 43-jierrige man út Ljouwert by it ûngelok om it libben kommen is. Hy ried yn in persoane-auto en botste troch noch ûnbekende oarsaak frontaal op in frachtauto dy't him temjitte kaam. De frachtwein waard bestjoerd troch in 51-jierrige man út de gemeente Frjentsjerteradiel. It slachtoffer is op it plak stoarn. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak. De Blessumerdyk wie in pear oeren ôfsletten.