Yn Fryslân minder skieden froulju

© ANP
Fan de 24 Fryske gemeenten ha 23 in leger persintaazje skieden froulju as it lanlike gemiddelde. Dat docht bliken út ûndersyk fan Gecertificeerde Mediators. Is lanlik sjoen 57 prosint fan de skieden ynwenners frou, yn Fryslân is dit hast 55 prosint. Dit docht bliken út ûndersyk troch de lanlike organisaasje foar mediators. Allinnich yn Smellingerlân leit it persintaazje skieden froulju heger as lanlik. Menameradiel is de gemeente mei it leechste persintaazje skieden froulju.
Ut de sifers docht fierder bliken dat Harns mei rom 11 prosint it heechste persintaazje oantal skieden ynwenners hat.