FIDEO: Straffe saken, oer de skiednis fan de Blokhúspoarte

13 des 2017 - 11:35

Yn de Blokhúspoarte boarrelet en brûst it fan de enerzjy. Net foar neat is dit kultureel erfgoed it klopjend hert fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Op dit stuit wurdt de Blokhúsporte yngripend ferboud. De eardere finzenis strielet de sfear út fan de ôfrûne iuwen. Der lizze in soad ferhalen achter dy tsjokke muorren, oer de boeiende en wrede skiednis. Oer de beul, de gifminger, de spektakulêre ûntsnapping.

Filmmakkers Wilfried Bijma en Ismaël Lotz sille op syk nei dy ferhalen. Yn 2018 meitsje se fjouwer dokumintêres oer it romrofte ferline en it brûzende hjoed fan de Blokhúspoarte. In foarpriuwke fan de searje 'Straffe Saken' is no al te sjen by Finster op Fryslân. Diel twa komt sneon online.

(advertinsje)
(advertinsje)