De lêste wiken: de ein fan Littenseradiel

13 des 2017 - 10:20

Nei in proses fan jierren mei ideeën, ynspraak, tsjinstân en kompromissen is it oer in pear wiken echt safier. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 sille fiif Fryske gemeenten definityf ferdwine. Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Littenseradiel en It Bilt geane op yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. We hearre en sjogge dizze wike yn de fiif gemeenten dy't der aanst net mear binne.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie woansdei yn it gemeentehûs fan Littenseradiel. Yn Wommels prate er mei Betting Kroese. Hy is ôfdielingshaad romtlike ûntjouwing en wurket al 18 jier yn de gemeente. "Littenseradiel is een mooie Friese plattelandsgemeente met aandacht voor de dorpen en de inwoners. Het kan niet meer anders," seit er oer de weryndieling. "De gemeente is te klein om zelfstandig te kunnen voortbestaan en alle taken goed te kunnen uitvoeren." De ôfstân nei de boargers is no hiel lyts. "We kunnen snel schakelen. Ik werk nu een paar weken in Leeuwarden en daar is het groot, groter, grootst. Het is heel erg wennen, je moet de lijnen leren kennen en alles gaat over veel meer schijven."

De ferhúsdoazen steane al yn syn keamer. "Ja, de ontmanteling is begonnen, de whiteboards, planten en schilderijen zijn al weg. De kasten en bureaus gaan volgende week." Freed hat er syn lêste wurkdei. Hy hannelet de rinnende saken noch ôf en draacht saken oer nei de folgjende gemeente. De kollega's geane nei ferskate gemeenten te wurkjen. "Fryslân is niet zo groot, je komt elkaar wel weer tegen."

Boade

Ek prate Bauke Deelstra mei boade Jeltsje Schokkenbroek. Se is 30 jier lyn begûn as skjinmakster en rûgele sa troch nei de funksje fan boade. Dat docht se al 25 jier. "Ik begjin moarns yn de kantine mei de kofje. Guon amtners ha dan sels al wat pakt, de zelfredzaamheid is hjir grut. Mar ik bring alle keamers ek in blêd mei in kanne kofje, kopkes en sûker en molke." Nei al dy jierren wit se fan elkenien hoe't dy syn kofje drinkt.

Se hat aanst earst acht wiken frij en sil dan nei de gemeente Súdwest-Fryslân. "Mar miskien gean ik ek wol mei vervroegd pensjoen. Snits sil bêst wêze, ik mei der graach winkelje, mar Snits is gjin Wommels. We binne hjir ien grutte famylje en helpe elkoar. As ik lêst fan de rêch ha, helpe oare kollega's mei it sjouwen fan de stuollen. Dat is grandioas hjir." 

It lêste houlik, tusken Gerrit en Johanna fan Easterein, stiet woansdeitemiddei op de aginda. "Ja, dat is de lêste, dan giet der wol even wat troch je hinne." De lêste wiken wie it drok op it gemeentehûs mei minsken dy't noch yn har eigen gemeente it paspoart of rydbewiis ferlingje lieten.

(advertinsje)
(advertinsje)