Frontale botsing auto en frachtwein by Blessum
By in ûngelok op de N359 by Blessum is woansdeitemoarn ien persoan ferwûne rekke. In auto en in frachtwein botsten frontaal opmekoar. De auto kaam derby diels ûnder de frachtwein telâne. De traumahelikopter waard yn earste ynstânsje oproppen, mar koe healweis weromkeare. De provinsjale dyk is troch it ûngelok ôfsletten.