Kollum: "Hendrik Algra (al lang) wei"

13 des 2017 - 08:53

"Desimber is altyd min foar kollumnisten. Der bart eins nea wat. Mar diskear hie ik in romme kar. Miskien it geseur fan al dy koadewaarstasjons en dêroan keppele de media oer de snie? Der foel mar in lyts kwakje. En wy ha ‘79 noch meimakke.

Of oer de brêgen fan Aldskou, Twellingea en Spannenburch dy’t oanpakt wurde. Dêr moat gruttere, bredere frachtskippen troch. De definitive deastek foar de rekreaasjefeart op it PM-kanaal. En dat wy fanwege dy ferbou tidenlang omride moatte stiet der ek net by. Wol dat de sinten der noch net binne. Dy lizze njonken it tekoart foar Koarnwertersân. Fryslân moat sels mar útsykje hoe’t se genôch jild by elkoar swylje. Dat kin Fryslân net.

It soe ek gean kinne oer de minne prestaasjes fan SC Hearrenfean. Soks kin barre. Hinderet ek neat. Mar dan sizze se hieltyd sels dat se sa goed spylje. Wylst dat net sa is.

Of it alvestêdebestjoer dat in finishbôge ha wol yn de foarm fan in alvestêdekrúske. Tenei wurde je as swartrider fiif meter foar dy bôge ôfsketten, want je ha gjin inkeld rjocht op in krúske.

Of Rendert Algra, de BFVW-foarsitter. Hy wol dat we no mar guozze-aaien sykje, no’t ljipaaien net mear kinne. As Algra dan ek soarget dat de boeren it wetter yn de sleatten in meter heger sette, dan kinne we dy aaien teminsten lotterje. Bebrette guozze-aaien binne net te iten.

Famylje fan Rendert Algra wie de âlde Hendrik Algra. Boere-arbeider, ûnderwizer, letter haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Earste Keamerlid. In man dêr’t nei harke waard, sels doe’t er woe dat wy it net mear oer Reve ha soenen. Der is in dyk nei Hendrik Algra neamd. Dy rint ûnder Ljouwert oan de súdkant fan it Van Harinxmakanaal. Hy komt by Goutum wei as in ferfolch op de Wergeasterdyk. En rint troch oant de Hegedyk by Boksum, dêr't it ferkear fan Boalsert nei Ljouwert ta ôfslacht.

Hendrik Algra rekke yn 1982 wei. Syn dyk soe no ek ferdwûn wêze moatte, útsein it lêste stikje by Boksum. Hendrik Algra sitearje we noch wolris, mar syn dyk is nutteleas wurden. Utsein foar it slûpferkear dat dy drokke ôfslaggen net brûke wol. Elk wie it der al lang oer iens dat dy dyk der mar wer út moast. No ja, de boeren moasten al op trekkers by har lân komme kinne. Eartiids giene se troch it lân, mar dat is tsjintwurdich net mear sa. Hè, de dyk oer Eastergea leit der út en dan jouwe de buorden oan dat de trekkers (en oar stadich ferkear) mar oer de A6 moatte. Ja, oars kinne dy trekkers ommers net by de Jumbo yn De Lemmer komme.

De Hendrik Algrawei by Ljouwert is ta stân kaam yn de plannen foar de heak om Ljouwert. It jild wie der doe ek net daliks, it is in tuskenoplossinkje. Mar jonges, as dy heak der is, giet Hendrik wer ticht. Ja dy giet wer ticht. It is wol hûndert kear sein. En besluten. Nimmen wie dêr op tsjin, want wurde je as politikus net ûnmjitlik populêr as je ris wat asfalt weidonderje. Dus fuort dat ding.

Mar in amtner hat ûntdutsen dat der wol sein is dat it soe, mar net offisjeel. Dan moatte je in riedsfoarstel meitsje, dat moat yn de riedskommisje wiidweidich bepraat wurde en dêrnei bekrêftige yn in riedsgearkomste, want Hendrik Algra hat it net fierder brocht as in gemeentlike dyk. Soks duorret rûchwei in fearnsjier. Seker as Ljouwert ek noch finansjeel ûnder provinsjaal bewâld komt.

Formalisten fan Ljouwert. As jim ôfpraat ha mei elkenien dy dyk te sluten, doch dat dan. Der komt ommers net ien yn it ferhef mei in klacht of sa. Of tinke jim dat dy der wol is? Sis dat dan. Nee, dy is der net. Doch dan dy dyk daliks ticht en regelje letter dat formele gedoch ek noch as jim dêr in orgasme fan krije, mar fal ús net lêstich. Doch no ris gewoan wat je mei syn allen ôfprate. Sterker. Ik ha de âlde Hendrik Algra noch in bytsje kinnen. Formele man. Mar hearde ik him fan 'e wike net lûd stinnend yn syn grêf omdraaien fanwege dit formalisme?"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)