Nij fytspaad Haskerdiken en Nijbrêge

Haskerdiken en Nijbrêge iepenje tongersdei in nij fytspaad. Al sûnt de jierren 70 is pleatslik belang fan de doarpen dwaande om in goede fytsferbining nei It Hearrenfean te krijen. Dat is no lang om let safier. It bestjoer fan pleatslik belang is tige bliid dat de ferbining fan Akkrum nei It Hearrenfean no trochrint en berekkene is op it hjoeddeiske fytsferkear. Der komme elke dei in pear hûndert fytsers oerhinne: skoalbern en minsken dy't nei harren wurk moatte en dat ek fytsend dogge.
De feiligens is in hiel stik better as mei de âlde situaasje. It fytspaad wurdt tongersdei offisjeel iepene troch wethâlder Hans Broekhuizen en deputearre Sietske Poepjes.