Ritsumasyl kriget biologyske fytsbrêge fan flaaks

12 des 2017 - 22:44

In primeur foar Ritsumasyl. It doarp oan it Van Harinxmakanaal krijt takommend jier in 'biologyske fytsbrêge' mei in lingte fan 66 meter. De brêge wurdt makke fan biokomposyt op basis fan flaaks. It giet om in unyk projekt, want sa'n lange brêge fan biokomposyt is der noch net. Oant no ta binne der noch mar twa kuierbrechjes fan biokomposyt makke.

It projekt kostet mei-inoar 6,6 miljoen euro en it moat ein takommend jier oplevere wurde. De provinsje giet der fan út dat de brêge op syn minst fyftich jier meigiet. Deputearre Michiel Schrier is no al grutsk op de brêge, benammen fanwege it fernijende en sirkulêre karakter.

Trefwurden: 
Ritsumasyl fytsbrêge
(Advertinsje)
(Advertinsje)