'Moard sûnder lyk': Hôf bûcht him oer saak Fryske skaker

13 des 2017 - 07:02
Foto: Omrop Fryslân

It gerjochtshôf yn Ljouwert bûcht him woansdei en tongersdei oer de mysterieuze dea fan Michael de Vrieze (45) út Boerum. De Fryske skaker ferdwûn yn april 2010. Hy wenne op dat stuit yn Grins. Foar de deaslach op De Vrieze waard syn 39-jierrige Turkske húsgenoat yn 2013 feroardiele ta tolve jier finzenisstraf en yn 2015 frijlitten.

Frijlitten

It lichem fan De Vrieze waard nea fûn. De rjochters seagen dochs genôch bewiis om de húsgenoat yn 2013 te feroardieljen ta tolve jier sel. Sa soe der bloed fûn wêze yn it hûs dêr't de manlju wennen. De fertochte ûntkent belutsen te wêzen by de ferdwining. Hy waard yn 2015 frijlitten troch it hôf om it fierdere proses yn frijheid ôf te wachtsjen.

Utset nei Turkije

Ferfolgens waard er troch it Iepenbier Ministearje útset nei syn heitelân Turkije. Om't Turkije gjin boargers útleveret, mei de fertochte net nei Nederlân komme om it proses by te wenjen. Dat wie foar syn advokaat reden om him dizze wike werom te lûken út de saak.

Gjin advokaat, fertochte of lyk

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat woansdei en tongersdei dus te krijen mei in moardsaak sûnder advokaat, sûnder fertochte en sûnder lyk.

Trefwurden: 
Michael de Vrieze
(Advertinsje)
(Advertinsje)