Provinsje wurket net mear mei oan salarisregeling SP

12 des 2017 - 22:25

De provinsje Fryslân sil mei yngong fan jannewaris it salaris fan deputearre Michiel Schrier net mear oermeitsje oan de Socialistische Partij, mar oan de deputearre sels. Deputearre Steaten hawwe tiisdei besletten om net mear mei te wurkjen oan de saneamde ôfdrachtregeling fan de SP. By de SP is it gebrûklik dat politisy troch de partij betelle wurde en dat de partij in part fan it salaris ynhâldt.

De provinsje Fryslân wurket no net mear oan dy regeling mei. It beslút fan Deputearre Steaten folget op in útspraak fan de rjochter oer de saneamde ôfdrachtregeling en ek op in oerlis dêroer mei de minister fan Ynlânske Saken. De fraksjefoarsitters fan Provinsjale Steaten beprate woansdei yn it presidium hoe't se omgean wolle mei de beleannings foar de steateleden fan de SP. Ek dy wurde oant no ta oermakke oan de partij. Kommissaris Arno Brok fynt dat it yn it foarste plak oan de steaten sels is om dêr in beslút oer te nimmen.

Deputearre Michiel Schrier lit yn in reaksje witte dat der foar him net folle feroaret. Hy sil no tenei sels syn moanlikse ôfdracht oermeitsje oan de SP.

(Advertinsje)
(Advertinsje)